Cookies

Van Oord uses cookies to ensure you have the best online experience and to improve our website. Read more in our Privacy and Cookie statement.

My Frisian is not up to date.

Visualisatie wynpark Fryslân

Projekt lokaasje wynpark Fryslân

Projekt lokaasje wynpark Fryslân

Projekt lokaasje wynpark Fryslân

Den Oever

Breezanddijk

Stavoren

Hindeloopen

Kornwerderzand

Arjan Keuzenkamp
projektdirekteur Zuiderzeewind-konsortium

Marcus Schluter
steebehearder Makkum - Koarnwerdersân fan de Nederlandse Kitesurf Vereniging NKV. Tagelyk eigener fan kiteskoalle NorthWest Kiteboarding.

Oege Hiemstra
Sjauffeur by Van der Wiel, famyljebedriuw sûnt 1954 út Drachten.

Anne de Groot
Projektdirekteur 
Windpark Fryslân B.V.

Windpark Fryslân wurdt boud yn Nederlân, yn 'e provinsje Fryslân yn de Iselmar. Yn Fryslân wurde twa talen sprutsen, Nederlânsk en Frysk. De provinsje Fryslân hat in eigen kultuer.

Project information

Visualisatie wynpark Fryslân

Yn 2021 is it wynpark folslein operasjoneel.

De bou fan it wynpark omfiemet de oanlis fan in natoereilân súdlik fan de Ofslútdyk fan 2 hektare boppe wetter en 25 hektare ûnder wetter, dat ekstra kwaliteit tafoeget oan it rêst- en foerazjeargebiet fan fisken en fûgels.

Mei in fermogen fan 382,7 MW leveret Windpark Fryslân genôch enerzjy foar likernôch 500.000 húshâldings.

It wynpark omfiemet 89 Siemens Gamesa turbines fan 4,3 MW, dy't yn in klusterfoarm delset wurde.

It park wurdt boud troch it konsortium Zuiderzeewind. In konsortium fan Van Oord en Siemens Gamesa Renewable Energy. It is wrâldomfetsjend it grutste wynpark dat yn in binnenwetter boud wurdt.

It jout foldwaning om te sjen hoe't lokale bedriuwen oprjocht by it projekt belutsen binne en dêrfoar moatte beide partijen somtiden in stapke ekstra sette. Krigest der mear enerzjy fan werom as dat it dy kostet”. 

“Lokale gearwurking is goed, mar wy dogge gjin konsesjes op it mêd fan feiligens en kwaliteit. Wy biede partijen wol de mooglikheid om harren te presintearjen. En dêrút ûntsteane dan ûnferwachtse gearwurkings. Sa binne we op de middei foar bedriuwen yn 'e kunde kommen mei Bijlsma. Dy komme út it doarp Winsum en hawwe al earder foar Van Oord wurke. Wy keapje no by harren de ynterne platfoarms foar ús wynmûnen yn. In kar dy't we sûnder de ambysje net makke hiene, mar dêr't we wol 100% efter steane. Yn 'e petearen sjochst dat sy harren ek foar mear as 100% ynsette om de ferwachtings wier te meitsjen.”

'Wy kieze bewust foar de ynset fan in omjouwingsmennidzjer en kommunikaasjeadviseur dy't de Fryske taal prate, út de omkriten komme en in lokaal netwurk hawwe. Foar my is it gearwurkjen mei de lokale mienskip net wat dat allinnich út 'e projektambysje fuortkomt. De kabels rinne direkt troch de eftertún fan bewenners oan 'e seedyk. Dat freget om sekuerens en it op 'e tiid ynformearjen oer de wurksumheden.'

Yn 'e maitiid organisearre Windpark Fryslân in middei foar bedriuwen dêr't Fryske ûndernimmers yn 'e kunde komme koene mei Zuiderzeewind. Goed 100 Fryske bedriuwen kamen del om saken te dwaan en harren tsjinsten, kennis en ekspertize oan te bieden. “Us ferwachtings waarden oertroffen!”  

“Ik bin der fan oertsjûge dat de gearwurking mei lokale bedriuwen in protte mearwearde biedt. Ik belibje der in soad wille oan om te sjen hokfoar mooglikheden der binne om mei Fryske partijen gear te wurkjen. 

betekene in beynfloeding fan de wyn en sadwaande ek in beynfloeding fan ús aktiviteiten yn dat gebiet'.

De kitesurfers binne mei Zuiderzeewind oer de wurksumheden yn petear gongen, bygelyks oer de oanlis fan it kabeltrasee fan de heechspanningskabel yn en op de Ofslútdyk. De boarring foar de buizen komt eksakt út by it kitesurfstrân. “Ynearsten soe de boarring ôfrûne juny begjinne, wêrtroch't it kitesurfstrân midden yn it wettersportheechseizoen net berikber wêze soe. Troch goed oerlis is dy projektfaze úteinlik krekt ein septimber úteinset en foel dêrmei bûten ús seizoen. Dêr wiene wy fansels tige bliid mei. Wy geane der fan út dat der de kommende jierren ek rekken hâlden wurde sil mei ús as kitesurfers en alle oare wettersporters dy't harren aktiviteiten yn 'e drekte omjouwing fan it wynpark útoefenje”.

'De bou fan it park is net fier fan it doarp Koarnwerdersân. Koarnwerdersân is foar kitesurfers in toplokaasje. De Iselmar is dêr net oeral djip en de wyn bringt dy meastentiids werom nei de dyk, sadat der hast neat ferkeard gean kin. Foar de bou fan it park moasten de kitesurfers romte meitsje. It gersfjild waard yn 2019 boulokaasje foar Windpark Fryslân en parkearen wie yn 'e buert fan it strân net mear mooglik.'

Marcus is ing belutsen by de ûntwikkeling fan it wynpark. 'Omdat kitesurfen foar 100% fan 'e wyn ôfhinklik is en wy benammen op de lokaasje Koarnwerdersân mei ús kitesurfskoalle en de kitesurfsport dwaande binne, hawwe we fan it begjin ôf oan de ûntwikkelings fan Windpark Fryslân op 'e foet folge. In wynpark fan dizze grutte yn “upwind” fan Koarnwerdersân en de Fryske Iselmarkust

‘Sels ryd ik hinne en wer fan Ealtsjemar nei de Ofslútdyk mei backfillsân. Backfillsân is in spesjaal soarte sân dat brûkt wurdt by de oanlis fan heechspanningskabels. ‘Wy brûke it om de sluven wer ticht te meitsjen. Dêrnei wurdt der pún boppe-op stoarte en dan kin der asfaltearre wurde.’ Yntusken leit it earste part fan it nije fytspaad op de Ofslútdyk alwer op syn plak. ‘De kabel rint hielendal troch nei Boalsert. Ik ferwachtsje sadwaande dat we noch wol in hoartsje dwaande binne.’

Dat er meiwurket oan it grutste wynpark yn in binnenwetter, dêr stiet de nochtere Fries net alle dagen by stil. ‘Somtiden hawwe we net iens troch dat we oan sa’n grut projekt wurkje. Mar as ik dan oer de Ofslútdyk ryd, dan sis ik geregeldwei: sjoch, dêr ha ik oan meiwurke!’.

'De opfallende brún mei griene frachtweinen fan Van der Wiel ride oan en ôf op de Ofslútdyk. Op ien fan dy auto’s rydt sjauffeur Oege Hiemstra. Hy soarget derfoar dat grûn en sân op de dyk oan- en ôffierd wurdt foar de oanlis fan de stroomkabels fan Windpark Fryslân.'

Oege wurket al in pear moannen op 'e Ofslútdyk. It sân yn syn wein is ornearre foar it nije fytspaad op de Ofslútdyk. ‘It âlde fytspaad moast fuort, want dêr komme de stroomkabels foar it wynpark ûnder te lizzen.’ Oege en syn kollega’s soargje der foar dat der romte is foar de kabels. ‘Wy fiere it sân dat en de klaai dy't ûnder it âlde fytspaad leit ôf nei it depot.’ Sadree't de kabels op harren plak lizze, komme Oege en syn kollega’s wer yn aksje.

Njonken de provinsje leit der ek in kâns foar ûndernimmers út de omkriten. By it kontraktearjen fan partners hawwe we oer ús ambysje o sa dúdlik west. “Tegearre mei Zuiderzeewind sette we goede stappen. Wy biede Fryske bedriuwen de kâns om mei ús gear te wurkjen, mar se moatte dy kâns wol sels gripe. Ik fyn it ek tige moai om te sjen dat der binnen it tiim fan Zuiderzeewind minsken wurkje dy't hjir út de buert wei komme en echt in stap ekstra sette om gear te wurkjen mei de Fryske mienskip”. 

“Tsjin oare projekten soe ik sizze wolle, wês fan it begjin ôf oan iepen en transparant oer watst dwaan wolst. Wês slachfeardich yn it jaan fan antwurden op de fragen dy't der binne en jou de beheinings oan dy't der binne. By alle projekten binne der krityske folgers en dat is ek mar goed. Jou harren in poadium en soargje foar iepenens”.

'Yn 'e ûntwikkelfaze wie it o sa spannend om lokaal draachflak te krijen. Wy binne der fan oertsjûge dat njonken ûndernimmen, der ek ynsetten wurde moat op it krijen fan draachflak yn 'e omkriten. By de ûntwikkeling fan ús eardere wynmûnepark Westermeerwind, hawwe wy dêrom fûl ynsetten op partisipaasje fan bewenners. Dêr hawwe we in protte fan leard. Wy binne ús der bewust fan dat dit park yn it wetter tige sichtber is foar de omjouwing en dat net eltsenien dêr entûsjast oer is.'  

De finansjele partisipaasje út de provinsje Fryslân wei wie in wichtige stap yn 'e ynfolling fan ús ambysje. De provinsje Fryslân nimt mei 20 miljoen euro diel yn it wynpark en ferskafte dêrnjonken in efterstelde liening fan 80 miljoen euro. De provinsje brûkt in part fan syn opbringsten foar duorsumensmaatregels yn 'e provinsje en foar stipe oan inisjativen by de kust fan de Iselmar op it mêd fan û.o. rekreaasje en toerisme.

Hoe kriget in wynpark “fan en foar Fryslân” foarm en wat fernimt de lokale mienskip dêrfan?
Foar de bydrage oan de lokale ekonomy giet it om ekstra wurkgelegenheid, nije ekonomyske aktiviteiten as gefolch fan it wynpark en baten út de finansjele partisipaasje troch de provinsje Fryslân. Dêr't dat mooglik is, wurde Fryske ûndernimmers belutsen by bou en ûnderhâld. It projekt is yntusken út de startblokken. Heechste tiid om te sjen hoe't dy projektambysje realisearre wurdt.

Konkreet giet it om:

  • in wynpark dat foars bydraacht oan de Fryske doelstellings foar duorsume enerzjy
  • dat ta stân komt yn ing oerlis mei de drekte omjouwing
  • dat de ynwenners fan Fryslân sa folle mooglik meiprovitearje lit.

Fryslân'

It bouwen fan it grutste wynpark fan 'e wrâld yn in binnenwetter is op himsels al in krewei, lit stean wannear't de lokale mienskip dêr yntinsyf by belutsen wurdt. Dochs hawwe de inisjatyfnimmers fan Windpark Fryslân fan it begjin ôf oan oanjûn dat se in wynpark ‘fan en foar Fryslân’ realisearje wolle. 

In wynpark
'fan en foar

Project

Scrollable Longpage

About Marine ingenuity

As a global maritime contractor, Van Oord focuses on dredging, oil & gas infrastructure and offshore wind. Marine ingenuity is Van Oord’s signature and the foundation of our success. It is the spark that lights the spirit of our professionals.
Fullscreen